Plan foar muzyktinte Grou

31 des 2008 - 10:43

Yn Grou binne plannen útwurke foar de bou fan in muzyktinte. Dat is dien troch in kommisje dy't yn it libben roppen is troch pleatslik belang. Earder stie op it Grien yn it doarp al in muzyktinte. De nije soe op dyselde lokaasje boud wurde moatte.

De wurkgroep hat by de ferskate organisaasjes yn Grou ynventarisearre wat foar winsken dy hawwe foar de muzyktinte. Ek is der neitocht oer hoe't dy der útsjen moat. It plan wurdt nije wike offisjeel presintearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)