Plan foar histoaryske werf Makkum stiet faai

01 jul 2015 - 17:29
  • Iselmar by Makkum

De stichting achter de plannen foar de histoaryske werf yn Makkum lûkt it fersyk foar in bestimmingsplanwiziging yn. Dat lit de gemeente Súdwest-Fryslân witte. De stichting krijt sa mear tiid om de plannen finansjeel rûn te krijen. Der wurdt tocht om in bydrage te freegjen fan it Waadfûns. De bydrage út it Fryske Marreprojekt komt no te ferfallen.

De stichting woe yn Makkum in histoaryske skipswerf mei in sleephelling meitsje. Yn maaie waard al dúdlik dat de gemeente de werf in te grut finansjeel risiko fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)