Plan foar fúzje fan basisskoallen yn Frjentsjer stiet faai

23 des 2014 - 11:12

It plan om de kristlike en twa iepenbiere basisskoallen yn Frjentsjer mei syn trijen yn in nije skoalle op Blomketerp te pleatsen, stiet faai. De beide iepenbiere skoallen wolle nammentlik earst ûndersykje oft se ek tegearre yn de skoalle Kleyenburg kinne. It probleem is lykwols dat dit gebou yn it sintrum fan de stêd út 1920 stamt.

Dêrom sil no earst ûndersocht wurde oft dit âlde skoalgebou geskikt makke wurde kin foar it ûnderwiis fan tsjintwurdich. Oer in pear moanne moat dúdlik wêze oft dit plan helber is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)