Plan foar Fryske Olympiade

18 maaie 2009 - 08:51
  • Skûtsjesilen op Fryske Olympiade?

Ald-fierljepper Evert Wilstra hat plannen foar in Fryske Olympiade. Hy tsjinne it plan yn yn it ramt fan Fryske Fiersichten, in idee fan 'e Provinsje Fryslân foar fernijende dingen. It giet dan om de bekende Fryske sporten fierljeppen, keatsen en skûtsjesilen.

Wilstra wol de trije sporten tagelyk op ien dei hâlde op in lokaasje yn Tytsjerksteradiel, mooglik oan 'e Burgumermar. Hy hat de riedsleden fan Tytsjersteradiel op 'e hichte brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)