Plan foar Frysk hûnekafee of hûne-Alvestêdetocht

26 feb 2015 - 13:56
  • Inisjatyfnimmer en Fryske hûne-eigener Wiebe Dooper

Fryske hûne-eigeners sille snein prate oer de takomst fan de Fryske stabij en de wetterhûn. De klam leit hjirby op it sjen litten fan de 'natuerlike kant' fan dizze hûnen'. Inisjatyfnimmer en Fryske hûne-eigener Wiebe Dooper hat grutte plannen. Sa wol er in hûnekafee of hûne-Alvestêdetocht yn Fryslân.

Dooper wol in ferfrissende ynstek hawwe, en wol him ûnderskiede fan de hjoeddeiske hûneshows. Neffens Dooper draait it yn dizze shows te folle om rânesaken fan de hûn en prestiizje, en giet it te min oer de sûnens fan de hûnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)