Plan foar Dino Zoo yn Makkum

28 jan 2014 - 21:34
  • In replika fan in T rex

De gemeente Súdwest-Fryslân wol meiwurkje oan de realisaasje fan in Dino Zoo op it terrein fan de eardere gemeentewerf yn Makkum. Twa lokale ûndernimmers wolle graach in park opsette wêryn't replika's fan dinosaurussen steane. Ek moat der in grutte sânbak komme. Dêr kinne bern nei dinobonken speure.

It lytsskalige attraksjepark soe jierliks tusken de 35 en 50 tûzen besikers lûke moatte. Yn 2010 seach de gemeenteried fan Wûnseradiel neat yn it plan, mar no besykje de inisjatyfnimmers it op 'e nij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)