Plan foar 200 hege wynmûnen

25 jun 2010 - 12:28
  • It wynmûneplan waard boppe yn de Achmeatoer presintearre

Yn Fryslân moatte 200 hiele hege wynmûnen komme. Dy moatte foar mear as de helte fan it elektrisiteitsferlet soargje. Mei dat plan komt it Platform Duurzaam Fryslân. De wynmûnen wurde mear as hûndert meter heech.

Se moatte de 320 wynmûnen dy't no yn Fryslân steane ferfange. It plan wurdt freed presintearre oan de provinsje. De binne trije opsjes foar de lokaasje foar de nije wynmûnen. Ien derfan is dat 200 doarpen yn de provinsje elk sa'n wynmûne krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)