Plan foar '100 fan Earnewâld'

23 des 2010 - 17:14
  • De website fan iisklup Lyts Begjin út Earnewâld

IIsklup Lyts Begjin fan Earnewâld is fan doel om de klassiker 'De 100 fan Earnewâld' op tiisdei 28 desimber te organisearjen. As it iis goed bliuwt soe it foar it earst sûnt de Alvestêdewinter fan 1997 wêze dat dizze tocht wer ferriden wurdt.

Ald-winners fan De 100 fan Earnewâld binne ûnder oare Henk Angenent en Bert Verduin. Mear ynformaasje oer de tocht wurdt letter yn 'e wike bekend makke. Sadree't it heve kin makket iisklup Lyts Begjin dat bekend op de eigen site.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)