Plan: E-bike Alvestêdetocht

05 mrt 2013 - 16:27
  • Fytse op in elektryske fyts

It Fytsersbûn siket Friezen mei in elektryske fyts dy't har ûnderfinings mei dit fytstype diele wolle. It tal fytsers mei in E-bike nimt yn Fryslân ta. Mar foar foaral âldere E-bikers binne lang net alle diken en fytspaden geskikt. Se binne net breed genôch of ha in tekoarte bocht.

Op de webside fan it Fytsersbûn stiet in enkête mei fragen oer de fyts sels en der bestiet in mooglikheid om favorite fytsrûtes troch te jaan. Fan alle ynstjoerings wurdt in e-bike fytsrûteboekje makke. Ek komt der mooglik in E-bike Alvestêdetocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)