Plan brede skoallen is klear

29 okt 2008 - 11:41

It kolleezje fan Boarnsterhim is net fan doel op te stappen. Mei de ried wie ôfpraat om foar 1 novimber in nij plan te hawwen om brede skoallen te realisearjen yn Grou en Akkrum. Dat plan is der en wurdt moandei presintearre oan de riedsleden.

Der wurdt al sûnt 1996 praat oer de brede skoallen. Der binne ek plannen makke, mar it bouprojekt komt troch tal fan oarsaken net fan de grûn. In tekoart oan jild is ien fan de oarsaken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)