Plan Blitsaerd moat opnij

04 des 2012 - 00:21

De gemeente Ljouwert sil de nije bouplannen foar de lúkse fillawyk Blitsaerd by Ljouwert opnij besjen. Wethâlder Henk Deinum sei yn de gemeenteried ta dat hy mei bewenners om tafel wol. Sa moat der oplossings fûn wurde om de wenningbou yn de wyk wer op gong te krijen.

De gemeente Ljouwert wol dat dwaan troch rychjeshuzen ta te stean en de kavels lytser te meitsjen. Guon bewenners binne lilk oer de oanpassings. Dy gean yn tsjin earder makke ôfspraken mei de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)