Plan better technysk ûnderwiis

14 nov 2007 - 22:42

It technysk beropsûnderwiis yn Ljouwert moat oars opset wurde. Dat fine de riedsfraksjes fan de PvdA en PAL/GrienLinks. De fraksjes wolle dat it beropsûnderwiis better gearwurket, lykas yn't ferline it gefal wie by de LTS, MTS en HTS.

De fraksjes wolle dat wethâlder Krol fan ûnderwiis by de skoalbestjoeren pleitet foar bettere gearwurking. Sa soe de delgong yn it tal learlingen yn de technyk tsjingien wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)