Plan Afûk foar studintetydskrift

14 sep 2006 - 12:42

De Afûk wol in Frysktalich tydskrift meitsje foar studinten. De provinsje hâld op mei it subsidiearjen fan de Frysktalige side yn de kranten. It frijkommen jild kin moai yn dat nije tydskrift stutsen wurde, fynt de Afûk.

De Steatekommisje is ridlik posityf oer de plannen. Deputearre Mulder wol ek oaren noch de kâns jaan om ideeën foar skreaune media te betinken wêrtroch't jongeren stimulearre wurde om it Frysk te brûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)