'Plaknammen earst NL, dan FR'

24 mrt 2014 - 10:39

De steatefraksje fan Friese Koers easket fan de provinsje dat de plaknammebuorden yn Fryslân earst yn it Nederlânsk fermeld wurde en dêrnei yn it Frysk. Friese Koers hat dêr skriftlike fragen oer steld.

Fraksjefoarsitter Jelle Hiemstra fynt dat de Nederlânske plaknamme boppe-oan stean moat. Dat soe better wêze foar it stimulearjen fan de regionale ekonomy en it toerisme. Foar it bedriuwslibben soe it neffens Hiemstra ek better wêze dat it belied rûnom yn de provinsje gelyk is. Friese Koers fynt dat de provinsje no te fier trochsketten is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)