Plaknammedebat yn Menameradiel

14 jan 2009 - 15:17
  • Moat Berlikum no offisjeel Berltsum wurde?

Moatte de plaknammen yn de gemeente Menameradiel no yn it Frysk of net? Dat is de fraach dêr't de ynwenners fan de gemeente fan woansdei ôf har miening oer jaan kinne.

Woansdeitejûn is de earste fan mei-inoar fiif ynspraakjûnen dy't de gemeenteried organisearret. Op dit stuit binne de plaknammen yn Menameradiel offisjeel yn it Nederlânsk. De FNP wol dat offisjele namme de Fryske wurdt. De earste ynspraakjûn is yn Marsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)