Plaknammebeslút mooglik letter

28 jan 2009 - 15:13

It beslút oer it ynfieren fan Frysktalige plaknammen yn Menameradiel wurdt mooglik útsteld. De ôfrûne wiken ha de riedsleden in tal jûnen hâlden dêr't ynwenners har miening oer de ynfiering jaan koene. Dêr waard de suggestje dien om it foarstel te bepraten op de jiergearkomsten fan 'e ferskate doarpsbelangen. De riedsleden bepale meikoarten oft se dat dogge.

As dat it gefal is dan sil it beslút oer it ynfieren fan de Frysktalige plaknammen letter nommen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)