Plaknamme-aksje yn Top & Twel

08 des 2008 - 16:48

Nei Drylts, Heech en Wâldsein komme ek guon ynwenners fan Twellingea en Toppenhuzen yn aksje tsjin it ferfrysken fan har doarpsnamme. Op it stuit steane de Nederlânske en de Fryske plaknammen noch op de buorden, mar as it oan de gemeente leit ferdwynt de Nederlânske namme.

In aksjekomitee is dwaande mei it sammeljen fan digitale hantekens en hat der al 300 yn in pear dagen tiid. Benammen ûndernimmers binne fûl op de feroaring tsjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)