Plakken foar koartparkearders

13 des 2006 - 14:34

By it parkearterrein oan de Torenstraat yn Drachten komme spesjale plakken foar koart parkearen. Dat wurdt dien nei klachten fan húsdokters en in apoteker oan it plein. Harren pasjinten moatte no minimaal twa euro yn de parkearmeter goaie, wylst se mar foar koarte tiid hoege te parkearen.

De gemeente sil spesjale fakken foar koart-parkearders meitsje. Dêr komme dan oare parkearmeters by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)