Plakferfangend korpssjef fuort

05 nov 2014 - 23:20

De plakferfangend korpssjef fan de plysje Noard-Nederlân giet fuort. Nathalie Kramers ferlit de plysje mei yngong fan 1 febrewaris takom jier. Sy hat tweintich jier by de plysje wurke. Yn 2006 wie sy de projektlieder fan de nije noardlike meldkeamer en yn 2010 waard sy beneamd as korpssjef fan de plysje yn Fryslân.

As plakferfangend korpssjef fan Noard-Nederlân wie sy ek belutsen by it DNA-ûndersyk nei de moardner fan Marianne Vaatstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)