Plakette ûntbleate foar Rosier

29 apr 2009 - 20:17
  • Martijn Rosier kaam yn augustus 2007 om yn Uruzgan

De jongste dochter fan de yn Uruzgan omkommen sersjant Martijn Rosier hat tongersdei in plakette ûntbleate ta neitins oan har heit. It barde yn it gemeentehûs fan It Bilt yn Sint Anne. De plakette is makke troch keunstner Henk Rusman út Aldebiltsyl.

Martijn Rosier kaam yn augustus 2007 op 30-jierrige leeftyd om it libben yn Afganistan by in ûntploffing fan in bermbom. It betinkingsteken is in inisjatyf fan it Veteranencomité yn de gemeente It Bilt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)