Plakette Isaacs yn Ljouwert

23 okt 2010 - 12:19
  • Joadske skoalle Ljouwert (argyffoto)

Der komt yn Ljouwert in plakette ta oantinken fan de ortodokse Joadske lieder Samuel Isaacs. It oantinken komt oan de foarside fan de wenning oan de Lytse Tsjerkstrjitte 32. Dat is it hûs dêr't Isaacs yn it begjin fan de njoggentjinde ieu opgroeide.

Samuel Isaacs waard foaral bekend yn Amearika. It idee fan de plakette is ûntstien op de reuny fan de famylje fan de Isaacs yn july dit jier. De ûntbleating is op 1 novimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)