Plakette foar rabbyn Isaacs

01 nov 2010 - 22:23
  • Rabbyn Jacobs en famylje by de ûntbleating
  • In buordsje as oantinken oan Samuel Isaacs (foto's Omorp Fryslân)

De stêd Ljouwert hat der sûnt moandei in oantinken by. Yn 'e Lytse Tsjerkestrjitte is in plakette ûntbleate foar Samuel Isaacs, in bekend rabbyn yn Amearika.

Isaacs is berne en foar in part opgroeid yn Ljouwert yn de 19e ieu. Om dat net te ferjitten is no op syn âldershûs in buordsje ophongen. Isaacs wie de earste rabbyn dy't net yn it Hebrieusk of Dútsk, mar yn it Ingelsk preke. Famylje fan Isaacs wie moandei oanwêzich by it bysûndere momint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)