Plakette foar bemanning delstoarte Lancaster by Warkum

25 mrt 2015 - 12:20
  • In Lancaster

Op de Alde Dyk by Warkum wurdt healwei april in plakette ûntbleate foar de bemanning fan de Lancaster W4888. It fleantúch makke op 5 maaie 1943 in mislearre needlanning by Warkum. Allinnich de navigator oerlibbe it ûngelok. De bemanning is begroeven op it Algemiene Begraafplak oan de Spoardyk yn Warkum.

By de ûntbleating fan de plakette binne ek fertsjintwurdigers fan de Ingelske, Kanadeeske en Súd-Afrikaanske ambassade oanwêzich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)