Plakette foar 500 jier haadstêd

01 jul 2004 - 10:47

De histoaryske feriening Aed Levwerd biedt freed oan B en W in plakette oan. Dat sil wêze yn de hal fan it ferboude stedhûs oan it Raadhuisplein. Oanlieding is it feit dat Ljouwert op 3 july formeel 500 jier de haadstêd fan Fryslân is.

De plakette wurdt yn ûntfangst nommen troch wethâlder Van Mourik. De Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga jout op it stedhûs en ek op it ynformele part dêr- nei yn it Oranje Bierhûs in optreden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)