Plak tafersjochkamera's bekend

02 nov 2005 - 09:56

De gemeenteried fan Ljouwert hat besletten wêr't yn it útgeanssintrum kamera's komme te hingjen. Dat sil wêze yn de Grote Hoogstrjitte en op hoeke fan de Doelestege en it Ruterskertier.

De kamera's moatte derfoar soargje dat minsken har yn de Ljouwerter binnenstêd feiliger fiele en dat it tal gewelds-misdriuwen lytser wurdt. De proef mei mei de tafersjochkamera's set begjin takom jier útein. De Noordelijke Hogeschool (NHL) evaluearret de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)