Plak Liet yn 2007 noch ûnbekend

15 okt 2006 - 12:26

Liet Ynternasjonaal giet takom jier mooglik nei Oksitanië yn Frankryk, mar dat it noch net wis. Oksitanië moat noch oanjaan oft sy de saak finansjeel en organisatoarysk rûnkrije kinne. In definityf beslút hjiroer falt letter dit jier.

Fierder krijt de organisaasje fan Liet Ynternasjonaal in mear ynternasjonale opset. Stifting Liet 91 wol mei oare minderheden in nije rjochtspersoan stiftsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)