Plak fûn foar nijbou Stroobos

07 aug 2006 - 11:49

Alle hûzen dy't der oant 2010 nijboud wurde meie yn Gerkeskleaster-Stroobos, komme yn it nije plan Oude Vaart yn it doarp. It binne der meiïnoar 15. It twillingdoarp wachtet al jierren op nijbou. Boargemaster en wethâlders ha no de knoop trochhakt. Se wolle de hûzen net op in oar plak bouwe.

It kolleezje wol it tal hûzen dat maksimaal boud wurde mei, net opsparje. De provinsje kin dan tinke dat it ferlet oan nijbou net grut is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)