Plak foar Irakese Koerd

22 mrt 2001 - 00:00

Der is needopfang regele foar de Irakese Koerd dy't in pear dagen bûten it azc yn Drachten sitten hat. Hy wennet no tydlik yn in flat, dy't hierd is troch stifting Noodopvang Smellingerlân.

De útprosedearre man waard earder dizze wike út it azc set. Hy wie doe al hast twa wike yn hongerstaking. Dêr is er no mei ophâlden. It is ûndúdlik oft Irakese Koerden weromstjoerd kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)