Plak foar hûneklub op terp

04 mrt 2007 - 11:57

It oefenterrein fan de feriening Dútske Herder Kringgroep yn Boalsert moat ferhúzje nei in terp yn bestimmingsplan De Marne. De hûneklub sit no noch oan de Hichtumerwei, mar moat dêrwei om't dêr nijbou komt foar de brânwacht en plysje.

De gemeente hat plak foar de klub fûn op in terp. Dêr moat lykwols in frijstelling foar komme, om't de terp in argeologysk monumint is. De ried moat dêrmei noch akkoart gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)