Plak foar âlderein yn Jobbegea

10 mrt 2004 - 00:00

Ynwenners fan Jobbegea kinne meiprate oer de werynrjochting fan it doarp. Sa'n 100 minsken kamen tiisdei op in ynformaasjejûn ôf. It plan is om by de ekspânsjehal in multyfunksjoneel sintrum te bouwen.

Ek soe der in brede skoalle komme moatte, soarchwenningen en huzen dêr't minsken wenjen bliuwe kinne as se âlder wurde. Neffens de foarsitter fan de projektgroep is dat lêste nedich om't foar har no gjin plak is yn Jobbegea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)