Plak foar 27.000 riders by folgjende Alvestêdetocht

03 des 2015 - 14:08
  • De finish fan de Alvestêdetocht oan de Bonkefeart by Ljouwert

By in earstfolgjende Alvestêdetocht kinne 27.000 riders meidwaan. Dat is tongersdeitemoarn ôfpraat op in fergadering fan de Feilichheidsregio. It starten en ride litten fan al dy minsken wie al it plan fan de Alvestêdeferiening, mar kin no ek echt gebeure, sa seit foarsitter Wiebe Wieling. De fergunnings foar de kommende fiif jier binne ôfjûn troch alle belutsen gemeenten.

Chip foar riders

Om de feiligens fan alle riders te garandearjen, krijt eltsenien in chip mei. Sa kin de organisaasje sjen wêr't it drok is en wêr't mooglik problemen ûntstean kinne. Ek soe der dan in alternative rûte brûkt wurde kinne. 

Helm op

De Alvestêdeferiening ropt de dielnimmers ek op in helm op te dwaan.   

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)