'Plagiaat Steven de Jong'

12 mrt 2012 - 15:33
  • Steven de Jong

Regisseur Steven de Jong wurdt beskuldige fan plagiaat. Hy soe it ferhaal fan syn nije film 'Janey, kind van de rekening', oernaam hawwe út de boeken fan Patrick van Rhijn. It ferhaal fan de film fan De Jong liket in protte op Van Rhijn syn boeken 'Weg van Lila' en 'Vaderstad'. Yn de boeken en yn de film giet it oer in man dy't yn skieding leit en fjochtet foar de fâdij oer syn bern.

Neffens De Jong sitte yn alle skiedingsferhalen deselde eleminten, mar syn ferhaal is oars as de boeken fan Van Reijn. Woansdei tsjinnet in koart pleit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)