Plafondferwaarming Wielenpôle

09 feb 2006 - 21:54

Acht húshâldings yn de Ljouwerter wyk Wielenpôle hawwe sûnt koarten harren ferwaarming yn it plafond. Dit systeem is betocht troch Theo van Balen, in Ljouwerter enerzjy-adviseur. It systeem wurket mei streamingswaarmte.

De plafondferwaarming is ûnderdiel fan in grut enerzjybesparringsprojekt dat de ôfrûne wiken yn 132 wenten útfierd is. Njonken de nije ferwaarming krigen guon wenten in nij waarm wetter systeem en in bettere isolaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)