"PKN-tsjerken moatte it roer radikaal omgoaie"

12 okt 2015 - 12:56

It moat radikaal oars yn de PKN-tsjerken, dat bepleitsje fjouwer jonge predikanten yn it pamflet 'Kerk 2025'. Meikoarten sil ek de synoade, it heechste betjoersorgaan fan de tsjerke, dêroer prate en mei dit pamflet sette de jonge predikanten de diskusje op skerp. De jonge predikanten, ûnder wa ek ds. Thejon Bos van Twizelerheide, wolle werom nei de basis: it Bibelske boadskip. Net langer 'zuchten onder het juk van een voorbije vorm van de kerk', sa't sy it neame, mar radikaal in oar paad ynslaan.

Yn in reaksje neamt ds. Wim Andel fan Aldegea (SWF) it pamflet 'sympatyk', mar warskôget hy foar te grutte feroarings om't de tsjerke krekt troch de tradysje, ek in soad minsken oan him bynt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)