PKB Waadsee noch net fêststeld

04 jan 2005 - 13:44

De Twadde Keamer hat de tekst fan de nije Planologische Kernbeslissing foar de Waadsee noch net fêststeld. Yn dy saneamde PKB stiet hoe't de kommende jierren omgien wurde sil mei de Waadsee, wat bygelyks miljeu en ekonomy oanbelanget. De tekst moat earst noch oan de Europeeske Fûgelrjochtlinen oanpast wurde.

Boargemaster Arlman fan Harns ferwachtet dat de Waadferiening dêrby ynsprekke sil, wat wer fertraging opsmyt

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)