Pjutteplakken Timpaan oernaam

10 sep 2010 - 15:16

De Stichting Kinderopvang Skarsterlân nimt de pjutteboartersplakken yn de gemeente oer fan Timpaan. De gemeente hat in oernamekandidaat socht omdat it tal bern dat nei de pjutteplakken giet hieltyd lytser wurdt. It pjutteplak yn Rottum kin dêrtroch al net mear bestean bliuwe.

De gemeente hat mei de Kinderopvang Skarsterlân ôfpraat dat de oare lokaasjes wol iepen bliuwe. Dat kin om't no in kombinaasje makke wurdt mei berne-opfang en tuskenskoalske-opfang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)