Pjutten Koudum op strjitte

16 jan 2004 - 00:00

It pjutteboartersplak yn Koudum is fallyt. De kosten binne te heech. De 50 pjutten wurde mooglik nije wike al net mear opfongen. It pjutteboartersplak bestie ferline jier 25 jier.

In kurator besjocht oft de opfang goedkeaper trochgean kin. It bestjoer wol op lytsere skaal fierder. Dat hâldt yn mei minder betelle krêften en mear frijwilligers. Alle belutsenen binne freed op de hichte brocht fan it fallissemint fan it pjutteboartersplak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)