PJ-priis foar Aggie v/d Meer

15 jul 2011 - 14:21
  • Winner Aggie van der Meer yn it midden

Aggie van der Meer (83) hat freed de Piter Jellespriis krigen foar har histoaryske roman 'Oerfeart' út 2006. De priis bestiet út 5.000 euro.

De Piter Jellespriis is in priis fan de gemeente Ljouwert oer it tiidrek 2005 oant en mei 2009 foar literêr wurk yn it Frysk en Nederlânsk. It wurk moat oer Fryslân gean. Eins wie in Nederlânsk wurk oan bar, mar de kwaliteit fan Van der Meer oertsjûge de sjuery. Yn dy sjuery sieten Reinier Salverda, Karen Bies en Arjan Hut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)