Pittige lotting Hearrenfean

23 des 2011 - 14:04
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

SC Hearrenfean moat it yn de kwartfinale fan de KNVB-beker opnimme tsjin Vitesse. Dat hat de lotting tongersdei útwiisd. De wedstriid wurdt yn Arnhem spile op 31 jannewaris of op 1 of 2 febrewaris. Hearrenfean berikte de kwartfinale troch woansdei mei 11-1 fan FC Oss te winnen. Vitesse fersloech Eindhoven tongersdei mei 2-1.

Yn de kompetysje spilen Vitesse en Hearrenfean yn oktober gelyk, 1-1. Op de ranglist stiet Vitesse seisde en Hearrenfean sânde mei ien punt ferskil. Trainer Ron Jans skat de kânsen dan ek op fyftich prosint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)