Piter Wilkens sjongt yn A'dam

03 jan 2011 - 12:51

Piter Wilkens stiet op 17 jannewaris mei Erik van Muiswinkel op de planken yn de Kleine Komedie yn Amsterdam. Yn dat teater binne ûndere oare de kabaretiers Youp van 't Hek, Brigitte Kaandorp en Theo Maassen trochbrutsen. Njonken Erik van Muiswinkel fersoargje ek Jeroen van Merwijk en Jeroen Zijlstra gastoptredens yn it programma fan Piter Wilkens.

Wilkens stiet yn it bekende teater mei syn programma De Fleanende Hollander, mei nûmers fan Cornelis Vreeswijk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)