Piter Jelles-priis foar Laverman

21 apr 2006 - 16:41

Sjongeres Nynke Laverman krijt op 15 maaie de Piter Jelles-priis 2005 foar de poadiumkeunsten. Dat hat de gemeente Ljouwert freed bekend makke. De priis wurdt útrikt oan minsken of organisaasjes dy't in bysûndere bydrage leverje oan de literatuer yn Ljouwert.

Nynke hat mei har teaterprogramma Sielesâlt de Ljouwerter dichter Slauerhoff wer folop ûnder de oandacht brocht, seit de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)