Piter Jelles lansearret Score

27 sep 2010 - 17:31

In soarte fan kompjûterspultsje moat learlingen fan Piter Jelles yn Ljouwert helpe om taal en rekkenjen te ferbetterjen. Yn it programma moatte de bern in soad fragen beantwurdzje om in sa heech mooglike skoare te krijen.

De kompetysje ûnderling en de útdaging om heger te skoaren moat it foar de learlingen aardich meitsje om te dwaan. Sa aardich dat se it ek út harsels hieltiid wer dwaan wolle. It programma mei de namme Score hat proefdraaid op de Piter Jelles junior.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)