Piter Jelles-guod: Súd-Afrika

29 sep 2008 - 12:59

Stuollen, tafels, kasten en oare ynventaris dy't net mear brûkt wurde kin troch Piter Jelles Nijlân wurdt moandei yn konteners laden om nei Súd-Afrika ferfierd te wurden. Stifting Townships SA út Dronryp soarget der foar dat it guod nei in skoalle yn in townships by Port Elizabeth giet.

Yn dy skoalle krije de learlingen no noch sittend op de grûn les. Nei alle gedachten komt it materiaal oer 6 wike oan by de skoalbern yn Súd-Afrika. De stifting helpt sa mear skoallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)