Pitbulls meinaam en hûn deagien

10 mrt 2004 - 00:00

De plysje en de AID ha tiisdei fiif pitbulls yn beslach nommen yn Wynjewâld. De hûnen sieten yn hokken by in hûs oan de Tjalling Harkeswei. De ynspeksjetsjinst naam de bisten mei om't se net registrearre stienen. Se binne nei in oar plak yn it lân brocht.

By brân yn in hûs oan de Karveelstraat yn Harns is tiisdei in hûn deagien. It bist koe net rêden wurde troch de brânwacht. Der rekken gjin minsken ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)