Revolver út oarloch fûn op souder yn Surhústerfean

11 apr 2015 - 10:23
  • Pistoal en learen tas wiene beide noch geef
  • Op dit plak wie de revolver ferstoppe....

Yn it hûs fan de famylje Bruining yn Surhústerfean is in wapen fûn út de Twadde Wrâldoarloch. It giet om in Smith & Wesson revolver út 1906. It wapen siet yn in learen taske dat ferstoppe wie tusken souder en plafond. By de ferbouwing fan it hûs foel it taske ynienen nei ûnderen.

De famylje Bruining wist dat der mooglik noch wapens yn har hûs lizze koene. Yn de oarloch wenne in fersetsman yn it hûs. Dy famylje is letter nei Kanada ferhuze en is op 'e hichte brocht fan de fynst fan de revolver.

It wapen is noch hielendal geef en sit ek goed yn it fet, neffens de famylje Bruining. De revolver is yntusken ynlevere by de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)