Pistoal Mata Hari dûkt op

12 apr 2003 - 00:00

Direkteur Gerk Koopmans fan it Ljouwerter Fersetsmuseum is it pistoal fan Mata Hari op it spoar. Neffens Koopmans leit it pistoal fan 'e Ljouwerter dûnseres en spionne yn it Imperial War Museum yn Londen. Yn dat museum is in eksposyje oer Women & War.

Koopmans soe it pistoal wol yn brûklien nei Ljouwert helje wolle foar de Mata Harikolleksje. Mata Hari hie it pistoal by har doe't se arrestearre waard yn 'e Earste Wrâldoarloch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)