Pistoal goudbusoerfaller fûn

27 jul 2012 - 14:10
  • Kûgelgat yn de goudbus

De twa manlju dy't oppakt binne omdat se belutsen west hawwe soene by de oerfal op in goudbus yn Ljouwert binne nei alle gedachten de haadfertochten. Dat seit de plysje. De Ljouwerters fan 24 en 27 jier binne tongersdei yn Ljouwert oppakt. By ien waard in pistoal fûn dêr't nei alle gedachten mei sketten is. By de oerfal rekke in meiwurker (28) fan de goudbus swier ferwûne. Hy krige trije skotten yn 'e rêch.

Earder waarden ek al fjouwer manlju oanhâlden. Ien fan harren sit noch fêst. De plysje ferwachtet noch mear oanhâldings yn dizze saak.

De plysje hat sûnt de oerfal mids juny mei 8 oant 10 minsken oan de saak wurke. Sjef Wessel Veenstra fan 'e resjerzje tinkt dat de saak wol rûnkomt, no't de plysje njonken de fertochten ek it fjoerwapen fûn hat dêr't by de oerfal mei sketten is. De plysje is neffens Veenstra by it ûndersyk goed holpen troch tsjûgen út de wyk Bilgaard mei ynformaasje oer de fertochten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)