Pisjende fjochtersbaas oppakt

29 sep 2011 - 11:24

Op de Singel yn Snits hat de plysje woansdeitenacht in Ljouwerter oanholden, dy't sa slim ûnder ynfloed fan drank wie dat foarbygongers de plysje warskôgen. Doe't de plysjes oankamen rûn de man (37) pisjend oer de dyk. Nei't er in bon krige hie foar iepenbiere dronkenskip en wyldpisjen, begûn er te fjochtsjen mei syn maten. Hy is meinaam nei it buro.

Yn Drachten hold de plysje in dronken man (46) út Drachtsterkompenije oan. Hy smiet in terrasstoel op de Súdkade.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)