Pisje yn iepenbier

16 apr 2005 - 14:35

Yn Harns is yn de nacht fan freed op sneon in 42-jierrige ynwenner fan dy stêd trapearre op pisjen yn it iepenbier. De man stie op de Foarstrjitte tsjin in gevel oan te wetterjen. Hy wie sa dronken dat er it amper op fuotten hâlde koe.

Boppedat woe er ek net tsjin de plysje sizze wa't er wie. Underweis nei it buro misledige er de plysjes ek noch ris. De man sit fêst op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)