Piraten legaal yn de eter?

18 des 2003 - 00:00

Piraten moatte in legaal plak yn de eter krije. Dat fynt Twadde-Keamerlid Joop Atsma (CDA). In mearderheid fan de keamer stipet nei alle gedachten syn moasje. Neffens minister Brinkhorst is der gjin romte foar geheime stjoerders en is er ek net fan doel se ta te stean.

Net alle piraten binne entûsjast oer it plan fan Atsma. Guon fine it geheime krekt moai oan har hobby. Oaren giet it om it draaien fan Hollânsktalige muzyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)